home2023-09-24T21:46:29+02:00

Krite Grou, kultuer tichtby hûs

Wa’t Krite Grou seit, tinkt oan toaniel, ferdivedaasje en gesellichheid.
Kultuer yn eigen doarp: jo hoege der net foar nei de stêd.
Krite Grou, al generaasjes lang in begryp. Wêr’t in lytse mienskip grut yn wêze kin!

Kriteseizoen 2023 – 2024 is los!

Kriteseizoen 2023-2024

It Kriteprogramma 2023 – 2024 leit by alle Grouster ynwenners op de matte, we gean oan de slach!

Wannear en wermei sa al..

Freed 29 septimber is ús jiergearkomste by Het Theehuis, mei nei it skoft Dick Willemsen. Hy sil ús fertelle oer syn frijwillige aktiviteiten by ûnder oaren de Pont fan Gastvrij Grou, Grou2030 en de Dorpskoöperaasje.

In dikke wike letter, sneon 7 oktober 2023 ús earste Kritejûn mei: kabaret.
De Cabaretpoel komt yn Grootcafé Treemter yn Grou! Fjouwer koarte kabaret foartellingen foar de priis fan ien, foar elts wol wat te laitsjen!

Jeugdtoaniel
De groepen 7& 8 fan de basisskoallen en middelbere skoalbern oant 18 jier kinne dit jier wer meidwaan oan Teaterlessen. Akteur/regisseur Sjoerd Blom sil de jeugd hjirby begeliede en foar wa’t wol, sil nei de lessen tawurke wurde nei in foarstelling. Dizze foarstelling wurd yn maart 2024 opfierd.


Krite Toaniel
It kommende seizoen 2023-2024 kinne alle folwoeksen Grousters meidwaan oan it Krite Toaniel.
Ûnder begelieding fan Tjitske Stoer, regisseur en dosinte, sille we fanút ymprovisaasje in toanielstik meitsje. Yn novimber starte we mei in oantal ‘snuffelmominten’. Dernei sil rippeteard wurde nei foarstellingen yn jannewaris 2024. Bist entûsjast en wolst meidwaan? Jou dy dan gau op fia info@kritegrou.nl.

Ús komplete programma fyne jim ek ûnder it kopke ‘Programma’.

Hâld ús webside yn de gaten en dan spesjaal de rubryk Nijs. Of folgje ús fia facebook en instagram. Kriteleden krije ek fia de mail berjocht.

Wer in hiel gesellich Kriteseizoen tawinske,
Githe, Wieger, Betty, Nynke H, Femke en Nynke R

Ga naar de bovenkant