
| datum | sneon 22 jannewaris 2011 |
| plak | Hotel Oostergoo |
| tiid | dielnimming workshop 13.30 oere besyk foarstelling 20.00 oere |
| kosten | workshop € 15,00 ynklusyf in waarm miel |
€ 15,00 |
|
| foarstelling | yntree € 10,00 |
Dit jier gjin foarstelling fan it Krite Toaniel (yn jannewaris), mar foar “âlde en nije” spilers in workshop theatersport!
Theatersport is in foarm fan improvisaasie teater wêrby twa teams elkaor útdaagje ta it spyljen fan in scene. Om wis te wêzen dat dizze
scenes improvisearre binne, wurde se spile aon 'e hân fan suggestjes út it publyk. Ien suggestje kin in lokaasje wêze
(wêr spilet de scene him ôf?), in relaasje (wat is de relaasje tusken de spilers?) of in emoasje (mei hokker emoasje wurdt dizze scene spile?).
In Teatersport-‘wedstriid’ wurdt gejurere troch in tal strange, dochs rjochtfeardige rjochters. Sy beoardiele de scenes op technyk, ynhâd
en humor en jouwe dêr punten foar.
Ek it publyk mei harren foarkarstim útbringe op it bêste team. Dêrneist kinne syj harren wurdering foar de spilers of de scene
bliken litte troch roazen op it toaniel te smiten of harren ûntefredenens oer de rjochters bliken te litten trochr wiete spûnzen nei harren te smiten.
Yn de workshop Teatersport troch teatersportferiening Noordsterren wurde in oantal basisfeardichheden fan improvisaasje teater oanrikke.
Tink hjirby oan akseptearje fan in spyloanbod, fale mei (!) en lit dyn meispiler skitterje. Dêrneist wurde in oantal spylfoarmen
oanleard. Nei de workshop ”foarôfgeand oan de foarstelling” wurdt er mei elkoar iten!
Jûns kinst datjinge watst leard hast yn praktyk bringe troch in echte teatersport-foarstelling mei publyk.
Publyk: wolkom en ûnmisber!!!
