
| datum | sneon 9 en snein 10 april 2011 |
| plak | yn de tinte op it terrein fan Kooiker |
| tiid | 20.00 oere |
| yntree | €13,50 |
Freonen en 65+: € 12,00 |
|
CJP: € 12,00 |
Folksfermaak oer de meast kwalike driften fan de minske. As Bonny en Clyde twinge Macbeth en Lady Macbeth harren lot ôf.
En dat foldocht goed! Se ûntdekke it lok en genot fan dizze oerjefte. Se klimme tegearre nei de top…, om dêrnei hiel hurd te fallen.
Macbeth en Lady Macbeth libje yn in wrâld fol modder, goud, eangst en fage takomstfoarsizzingen, dêr’t se as keningspear oer regeare
wolle. De klim en de fal binne beide sa dûzeljend dat de moraal fan alle dagen derby ferblikt. Se stjerre, begelaat troch aria’s út de Lady
Macbeth fan Mzensk fan Shostakovitch. It publyk, dat yn in sirkustinte sit, krijt fia sênes, muzikale yntermezzo’s en sketches in show fan de
totale oerjefte oan minsklike driften te sjen: machtsbegearte, eigenwaan en it langstme om oan mekoars ferwachtingen te foldwaan. Wat harren dronken makke, makke my moedich, wat harren dôve, joech my fjoer.
