
| datum | sneon 5 maart 2011 |
| plak | Hotel Oostergoo |
| tiid | 20 oere |
| leden | € 15,50 |
| net-leden | € 18,50 |
ynklusyf in bakje kofje |
Anke Bijlsma / Gerrit Breteler
Gerrit Haaksma/ Joop Wittermans
Op 21 febrewaris is yn kafee ‘De Bûnte Bok’ yn Ljussens de teaterproduksje ‘Kredo’ yn premjêre gien. It is de
opfolger fan it suksesfolle ‘Katarsis’, 170 foarstellingen rûnom yn ‘e provinsje. “Kredo’ spilet him ek wer ôf yn ‘e
kroech, oan ‘e tape. Ek ‘Kredo’ is skreaun troch keunstner Gerrit Breteler.
De tematyk fan it stik giet oer it hjoeddeiske plattelân en de ferhâlding fan de minske dêrta. Wat binne de konsekwinsjes foar de minsken
dy’t dêr wenje? Hoe is de ûnderlinge ferhâlding ? Wat bart der mei de taal? Sykte en soarch binne yngripende saken yn in minskelibben.
Humor en tragyk wikselje elkoar yn rap tempo ôf. De lokaasje, it folslein op rym skreaune skript en it bysûndere Fryske taalgebrûk meitsje
‘Kredo’ ta in unike teaterproduksje.
