Ein augustus binne de brosjueres en bestelformulieren fan it wintersprogram 2010-2011 ferspraat, helaas net tagelyk mei dy fan FFF omdat dy in bysûnder projekt hie. Op 5 oktober is de jiergearkomste hâlden.
It bestjoer bestiet út:
Sjouk Bos, program
Harriët Dankert, kontakt VVV en bibliotheek
Coby Kevelam, pr
Joke Poortman, toaniel
Tjaart Martens, skriuwer, ponghâlder en webmaster
It plak fan foarsitter is vakant.
De gearstalling fan it bestjoer is feroare troch fertrek fan Peter Post en komst fan Joke Poortman.
It bestjoer hat dit winterskoft in prinsipe eltse twadde tiisdei fergadere. Oan ‘e oarder wiene ûnder oaren de organisaasje fan de jûnen en it ré meitsjen fan it nije program, de promoasje en it sykjen nei nije besjoersleden.
De kaartferkeap troch de VVV is dit jier ek wer nei tefredenheid ferrûn. De kaarten foar Tryater waarden ferkocht fia de website fan Tryater.
De foarstellingen.
- Op sneintemoarn 17 oktober “RUR Fryslân draait troch. Freerk Smink yn petear mei Pieter Stellingwerf, Jan Feike Hoekstra en Rein Hofstra yn it Theehuis. It wie in tige ynteressante moarn dy’t mear minsken fertsjinne hie. Der wienen 45 besikers.
- Op sneintemoarn 14 novimber fersoarge “Tsjoch” in program mei “De Stroatklinkers” yn it Theehuis. De Grinzer muzikanten hawwe it publyk in moaie moarn brocht mei Bluegrass, Rock, folksmuzyk en Grinzer lietsjes. Der wienen 70 besikers wêrfan in part eigen oanhing.
- Op sneintemiddei 19 desimber kamen 77 minsken byinoar foar de Grouster Húskeamerfoarstellings. De belangstelling wie grutter, mar mear koene wy net kwyt in de beperkte romten. Rinnie de Vries spile in mini-piano-konsert; Jan Kleefstra droech syn eigen gedichten foar; leden fan it Kritetoeniel spylden in trijetal ienakters ûnder lieding fan Klaasje Postma; Atser Damsma begeliedde himsels en Peter Donderwinkel, Aletta Hoekstra, Alet Wadus en Alinda Talsma; en Erik Nijenhuis and Friends ha muzyk spile út de 60-70-80er jierren. As beslút wie der snert foar eltsenien by ‘Porky’s‘. It gehiel wie tige slagge.
- Op sneon 22 jannewaris soe Workshop Theatersport útein sette mei ymprovisaasjes dy liedde moasten ta in foarstelling yn de jûn. Der wie mar ien dielnimmer, dus dat gong net troch.
- Op sneon 5 maart fersoarge ‘Achmea Culpa’ in moaie toanieljûn mei it stik “Kredo”, spile troch Anke Bijlsma en Gerrit Haaksma yn Oostergoo. Der wienen 63 betellende besikers.
- Op sneon 9 en snein 10 april spile Tryater ‘MacBeth’. Beide jûnen wiene aardich beset. Tryater hat alles fersoarge, wy ha de p.r. dien en joegen by de foarstelling ûndersteuning.
- Op sneon 9 april hat Tryater foar de bern in twatal foarstellings spile fan “Tomke”. De net sa grutte tinte wie foaral de earste kear knap fol. De bern en folwoeksenen hawwe genoaten fan in moaie foarstelling.
Al met al kinne we sizze dat de Krite Grou op ‘e nij in goed jier efter de rêch hat, dy’t ek finansjeel posityf útfallen is.
De skriuwer
Tjaart E. Martens