Ferslach fan de jiergearkomste Krite Grou op 5 oktober 2010 yn de Bierhalle te Grou.
Oanwêzich: de bestjoersleden Harriët Dankert, Peter Post, Sjouk Bos, Joke Poortman en Tjaart Martens; en de leden: Feitze van Dijk, Cor Hylkema, Tjitze Kuipers, Rinnie Huisman, Nynke Andringa en Rinnie de Vries. Ôfmeld: Fenna Bylstra.
- Iepening om 20.35 troch de foarsitter Peter Post.
- Meidielingen. Bestjoerslid Coby Kevelam is ôfwêzich troch sykte. Der sil in dizze gearkomste ek ôfskie nommen wurden fan toanielkommisjelid Nynke Andringa. Der binne gjin ynkommen stikken
- Ferslach foarige gearkomste. Nei in lêspauze wurdt opmurken dat it ledetal no sa’n 460 is. It ferslach wurdt sûnder feroaringen goedkard.
- Jierferslach 2009 – 2010 fan de skriuwer wurdt troch Harriët moai foarlêzen. Yn it rychje bestjoersleden stiet ek Joke Poortman dy al wol funktionearret, mar yn dizze gearkomste offisjeel har sit krije sil. It ferslach wurdt sûnder feroaringen goedkard.
- Jierferslach 2009 – 2010 fan de ponghâlders. Tjaart ljochtet in tal fan sifers ta. Opfalt, dat der minder foarstellings yn it winterskoft binne. Ek de kosten fan printwurk binne leger. Joke giet yn op de sifers fan it Kritetoaniel. Ek dêr wurdt it muoiliker de eintsjes oan elkoar te knopen. De hege sealhier makket it spyljen djoer. Der moat noch ien foarstelling betelle wurde.
- Ferslach fan de kaskommisje. Rinnie de Vries (ek út namme fan Pieter van Dijk –it oare lid; Fenna Bylstra hie har ôfmeld)) giet noch wat losse eintsjes lâns, mar hoe dan ek: de sifers kloppe en de beide finansjele ferslagen en de begrutting foar it nije jier wurde fêststeld. Rinnie merkt noch op dat “De Raadsman” geskikt makke wurdt foar toanielfoarstellings. Wy geane ek noch net oer op automatyske ynkasso omdat ús (âldere) leden doch graach persoanlik kontakt ha. Wy binne bliid dat Dick Bouma wer in jier it jild ophelje wol.
- Beneaming nije leden fan de kaskommisje: Rinnie en Feitze binne de leden en Peter is reserve.
- Kontribúsje. It bestjoer wol de kontribúsje ferhege nei €7,50 en sil no it earste stapke sette nei €6,00. Nei ienige diskusje is de fergadering it dêrmei iens. By in gruttere ferheging is der gjin foardiel mear by it keapjen fan in kaartsje.
- Bestjoersferkiezing.
- Harrïet Dankert wurdt by akklamaasje op ‘e nij beneamd.
- Joke Poortman wurdt ek as bestjoerlid ynhuldige.
- De waarnimmend foarsitter Peter Post is net wer ferkiesber. De hammer krijt Sjouk tydlik.
- Joke Poortman set Nynke Andringa yn it sintsje. Sy wie yn de toanielkommisje sa’n 6 jier har ‘steun en toeverlaat’. Mei in blomke en teaterbon wurdt Nynke bedankt foar har ynset.
- Tjaart sprekt Peter ta. Hy jout him in heech rapportsifer en bedankt him ek foar alles wat er dien hat mei in blomke en in teaterbon.
- It kommende winterskoft. Sjouk jout taljochting. Freark Smink praat mei trije bekende gasten. Tige bysûnder wurde de Grinzer Stroatklinkers. Fan de karroesel fan húskeamerfoarstellings ha wy hege ferwachtings; it eindicht mei snert fan Porky’s. De workshop fan Teatersport jout mooglikheden ta ymprovisaasje. Wy sille de amateurs fan de Grouster aktiviteiten benaderje. Kredo is oeral yn Fryslân in grut sukses. Tryater regelt hast alles sels foar “Brûst”, wy dogge de promoasje.
- De plak fan it Kritetoaniel yn de Krite Grou. De finânsjes fan it toaniel binne slonken en boppedat melde him gjin bestjoersleden. Mei jeugd en sponsers is it ek muoilik. We sille projektmjittich wurkje. De kas wurdt oerbrocht in de oare kas, mar it jild wurdt earmerke.
- Omfreegjen. Rinnie de Vries freget hoefier it toaniel is en hoe de karroesel fan de húskeamerfoarstellings wurket. Der wurdt 5 kear spile fan elk kear sa’n 20 minuten.
De brosjuere is net yn de bus kommen by minsken mei in dûbele nee-sticker. Dick Bouma nimt se mei as er op stap giet.
Tjitze Kuipers freget him ôf wat de ‘move’ wie om sa as er sei: “it kritetoaniel earst de dyk op te skoppen en no ûnder kuratele te stellen”. Wy lizze nochris út wat de finansjeel-juridyske eftergrûn is en wêrom we no by elkoar bliuwe en dat alle bestjoersleden der kontent mei binne.
Moat men lid fan de krite wêze om toaniel te spyljen: ja en dat kostet no €6 en dat wie €30.
- Sluting om 22.30 oere.
Tjaart Martens, skriuwer