| dit is de Fryske startside |
klik hier voor startpagina Nederlands |
It nije bestjoer sil besykje dit winterskoft noch ien foarstelling op preammen te setten.
Foar it winterskoft 2012 - 2013 komt der wer in folslein program.
Hâld dêrom dizze website yn it each.
Op de jiergearkomste op tiisdei 27 septimber 2011 yn de Bierhalle is in nij bestjoer ynstallearre.
Foar de nammen en de funksjes sjoch hjirboppe ûnder it kopke 'bestjoer'.








| namme | funksje(s) | strjitte | p. koade | tel | |
| Eddy van der Noord | foarsitter en p.r. | De Karper 18 | 9001NP | Grou | |
| Rieneke Feenstra | ponghâlder en sponsoring | Paviljoenstrjitte 62 | 9001BS | Grou | |
| Annemieke van Duuren | skriuwer en webmaster | Skaverij 25 | 9001BA | Grou | |
| Sjoukje Dijkma | program en webmaster | Allingawier 26 | 9001LR | Grou | |
| Harriët Dankert | ledeadministraasje en kaartferkeap | mr P.J.Troelstrawei 21 | 9001CR | Grou | 621884 |
| Cees van der Meulen | p.r. | Abbema 15 | 9001GH | Grou | |
| Joke Poortman | toaniel | Leppedyk 68 | 8494MV | Nes (Bh) | 623317 |
In tiidlang wie it de bedoeling om it Kritetoaniel los te meitsjen fan de feriening Krite Grou.
De eftergrûn dêrfan is dat it Kritetoaniel al jierren als selsstannige organisaasje funktionearret, wylst it bestjoer fan de oerkoepelende feriening juridysk en finansjeel oanspraaklik wie.
Nei hiel wat oerlis is dochs besluten dat it Kritetoaniel in ûnderdiel bliuwt fan de feriening.
Ien fan de kommisjeleden fan it Toaniel makket no diel út fan it bestjoer. Sy hat de belangen fan it toaniel yn har portefúlje.


De Krite Grou is op 26 novimber 1875 oprjochte yn de herberge 's Lands Welvaren yn Grou.
De Krite waard in ûnderdiel fan it “Selskip foar Fryske Tael- en Skriftekennisse” oprjochte yn 1844.
Yn de earste jierren organisearre it Kritebestjoer foardrachten en lêzingen en ynliedingen oer alderhande ûnderwerpen. Skriuwers lêze foar út eigen wurk. Letter komme der útfieringen fan Tetman de Vries en it kabaret fan Rients Gratama, Hessel van der Wal en Leo Dykstra. Dêrneist is der muzyk fan koaren en korpsen, sjongers en oare muzikanten.
Ek it toaniel hat altyd in wichtige rol spile. Fan 1875 ôf spile it selskip “Thalia”, mar dat is yn 1892 of 1893 opdoekt.
Dêrnei hawwe toanielferieningen út ‘e omkriten of in tal kriteleden elk jier in toanielstik opfierd. Yn 1972 is der mei it oprjochtsjen fan “It Krite Toaniel Grou” as ûnderdiel fan de Krite, in fêste organisaasjefoarm fûn.
Foar de bern hat der ek folle oandacht west. Der binne in protte foardrachtkrigen hâlden en tal fan jierren is der bernetoaniel oer it fuotljocht brocht.
Yn de jierren ’80 makket de Krite Grou him los fan “It Ald Selskip”.
De Krite Grou wie al ynformeel selsstannich, mar no ek offisjeel. De Krite fart de lêste tweintich jier in eigen ûnôfhinklike koers. Fan in feriening foar de befoardering fan it Frysk en de Fryske kultuer yn al syn aspekten hat de Krite him foaral ûntwikkele yn de rjochting fan in organisaasje om kulturele uteringen as muzyk, toaniel en kabaret te presintearjen. Dêrby leit de klam op it Frysk .
Yn de rin fan in winterskoft wurde meastentiids mear as tsien jûnen/middeis fersoarge. Dat betsjut toaniel fan Tryater, Frysk en Hollânsktalich kabaret, bernefoarstellingen, it Kritetoaniel en muzyk fan alle kontininten.
Wolle jo dit stribjen stypje en genietsje fan moaie foarstellingen by jo om ‘e hoeke, wurd dan lid.


Kaarten foar de foarstellings kinne yn foarferkeap kocht wurde by de VVV.
adres |
Parkstraat 3 Grou |
|
|---|---|---|
telefoon |
0566 621333 |
|
website |
||
openingstijden |
ma |
13.00 - 17.30 uur |
di t/m vr |
09.30 - 12.00 uur en 13.00 - 17.30 uur |
|
za |
10.00 - 15.00 uur |
|
It bestjoer bestiet op dit momint út sân persoanen, sadat der gjin fakatuere is.

bestellist 2010-2011 as Worddokumint |
bestellist 2010-2011 as pdf |
| Tryater | www.tryater.nl |
| Tsjoch | www.tsjoch.nl |
| De Stroatklinkers | www.stroatklinkers.nl |
| VVV Grou | www.vvvgrou.nl |
![]() |
Freark Smink praat mei trije gasten | 17 oktober 2010 |
![]() |
Tsjoch ! | 14 novimber 2010 |
![]() |
Húskeamerfoarstellings | 19 desimber 2010 |
![]() |
Téaterworkshop | 22 jannewaris 2010 |
![]() |
Kredo | 5 maart 2011 |
![]() |
Tomke | 9 april 2011 |
![]() |
MacBeth | 9 en 10 april 2011 |
![]() |
Jiergearkomste 2011 wurklist; ferslach jiergearkomste 2010; |
27 septimber 2011 |



